Al 20.000 besikers foar Farsk

© Omrop Fryslân
Farsk hat de 20.000ste besiker lutsen. De redaksje fan it Frysk literêr ynternettydskrift sjocht dat as in grut sukses om't it digitale blêd noch mar sûnt heal febrewaris dit jier bestiet. Farsk hat de ôfrûne moannen hieltyd 80 oant 100 besikers dei lutsen, mei in rekord fan 130 minsken op ien dei.
Twa kear yn de moanne, op freed, komme der nije teksten op it ynternet. Fan proaza en poëzij oant skôgings en byldmateriaal.