Seks-chatte mei learlingen

© Omrop Fryslân
In konsjerzje fan in middelbere skoalle yn Ljouwert is op non-aktyf steld fanwege seksuele ynternetkontakten mei learlingen. De man chatte mei de bern op in dûbelsinnige wize. It giet om de VMBO-festiging fan it Comenius College yn 'e wyk Bilgaard.
De learlingen hawwe in brief oer de saak mei nei hûs ta krige. Tsjin de man is ûnderwilens in ûntslachproseduere út ein set. De skoalle hat ek oanjefte dien by de plysje.