Potfisken by It Amelân

01 des 2003 - 00:00

It is rêdingswurkers slagge om de fjouwer potfisken wat fierder fan de Amelânse kust ôf te krijen. In fiskersskip hie de spuitsjende bisten moandeitemoarn by Nes swimmen sjoen. Ien wie te ticht by de kust.

De bergingsboat fan Skylge hat de bisten fuortjage troch in soad leven te meitsjen. Se swommen letter trije myl út de kust. Twa potfisken binne healwei de middei foar de kust fan Skiermûntseach sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)