Part Jouster rotonde ôfsletten

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat slút sneon in part fan it ferkearsplein op 'e Jouwer ôf foar it ferkear. Op it plein komme dan ekstra buorden dy't de maksimumsnelheid fan 50 kilometer yn 'e oere herhelje.
Op it ferkearsplein wurdt no faak fierste hurd riden. Foar it plein komme ek buorden. Automobilisten út de rjochting Hearrenfean wurde dêrmei nochris ekstra warskôge dat se by in rotonde komme. It plein is sneon fan 7 oant 19.00 oere foar in part ôfsletten.