Fjochterij yn Feanster kroech

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn fiif manlju oppakt om't se yn de kroech oan de Marktwei op It Hearrenfean in man yn elkoar slein hiene. It giet om fjouwer manlju út Jobbegea en in man út Aldskoat. De oanlieding fan de fjochterij is noch ûnbekend.
It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht en de nekke en waard oerbrocht nei it sikehûs. Om't der goed 150 minsken yn de kroech wiene, sette de plysje tsien man yn.