Dronken lju ferniele tunen

30 nov 2003 - 00:00

Twa ynwenners út Bûtenpost (28 en 33) binne sneontenacht op 'e die betrape. Se wienen in tún yn Kollumersweach oan it fernielen. Se binne meinommen nei it buro. De fertochten hienen dronken.

Mei elkoar ha se trije tunen 'bewurke'. Se ha mei in meanmasine en in kroade hagen en beammen ferknoeid. Trije ynwenners fan Kollumersweach ha oanjefte fan fernieling dien. De plysje slút net út dat der noch mear oanjeftes folgje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)