H'feanse Boys-Lj. Sweltsjes: 1-5

© Omrop Fryslân
Wer in djiptepunt foar de Hearrenfeanse Boys yn de earste klasse C. De klub fan trainer Hans de Jong koe it sneon net oprêde tsjin de Ljouwerter Sweltsjes. Al gau kamen de Feansters op achterstân te stean. Yn de earste helte wiene der wol kânsen foar de Boys, mar dy waarden net benut.
De Ljouwerter Sweltsjes hiene mear gelok. De einstân waard 1-5, mei fiif doelpunten dus foar de Sweltsjes. Marco Kleefstra makke trije goals.