Swarte Pyt leit earste dakpanne

© Omrop Fryslân
It is de doarpshûskommisje fan Earsterwierrum slagge sawat 4000 dakpannen te ferkeapjen. De dakpannen binne bestimd foar it nije doarpshûs. Ynwenners fan Easterwierrum koene de pannen foar twa euro it stik keapje, en dan sinjeare.
Swarte Pyt mocht sneon de earste dakpanne lizze. It nije doarpshûs is wichtich as moetingsplak foar de Easterwierrumers. It gebou moat ein april klear wêze.