Deadlike ûngemakken

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige man út Harns is freed om it libben kommen by in ûngelok op de Taekelaan by Penjum. Hy botste tsjin in beam oan de linkerkant fan de dyk en rekke beknypt yn de auto.
In famke fan 18 jier út de Himrik is yn de nacht fan freed op sneon omkommen by in ûngelok yn Hoarnstersweach. Se siet yn auto by in 24-jierrige man út Easterwâlde, dy't yn de sleat telâne kaam. De bestjoerder koe sels út te auto komme. Hy is nei it sikehûs brocht.