Frysk Deiblêd-bosk by Bûtenpost

© Omrop Fryslân
De Frysk Deiblêd-bosk is sneon oanplante by Bûtenpost. It giet om in bosk fan twa hektare mei 3000 beammen. De beammen binne foar 4 euro it stik kocht troch abonnees fan de krante.
Sa'n 300 lêzers kamen sneontemoarn mei learzens en in skeppe nei Bûtenpost om har eigen beam te plantsjen. De bosk is de lêste aksje yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de krante. Haadredakteur Kooistra neamde it in died fan betrouwen yn de takomst.