Wer 3 âlde reklames yn Ljouwert

29 nov 2003 - 00:00

Ljouwert krijt hieltyd mear âlde reklameskilderingen werom op winkels. Freed waarden wer trije skilderingen ûntbleate. Dat bringt it totaal op fiif muorrereklames.

De stifting Muurtaal wol sa de histoarje fan de middenstân yn de binnenstêd werom bringe. Machiel Braaksma hat twa fan de trije muorreskilderingen makke. Tegearre mei de skilderingen waard freed ek in keunstwurk op it Skavernek ûntbleate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)