Parsepriis foar Jelke Nijboer

29 nov 2003 - 00:00

Jelke Nijboer, direkteur fan basisskoalle De Tjongeling yn Aldeberkeap, hat dit jier de Fryske Parsepriis krigen. Nijboer krijt de priis fanwege syn optreden by de ûntfiering fan Lusanne van der Gun.

Neffens de sjuery, dy't bestiet út sjoernalisten fan ferskate Fryske media, hat Nijboer sûnder sensaasjesucht altyd de parse te wurd stien. De priis is in inisjatyf fan de Feriening fan Fryske Sjoernalisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)