Fjoerwurkopslach op De Hemrik

© Omrop Fryslân
By it bedriuw Nirwana op yndustryterrein de Hemrik yn Ljouwert wurdt oer in pear wike 10.000 kilo fjoerwurk opslein. It guod wurdt yn desimber ferkocht oan partikulieren. It giet net om grut fjoerwurk lykas yn Enschede opslein waard.
Fan de 15 bedriuwen yn Ljouwert dy't fjoerwurk ferkochten, binne der noch mar tsien oer troch de nije feiligenseasken. Nirwana siet earder op de Archipelwei yn Ljouwert.