Poalske ûnderskieding foar Pitlo

29 nov 2003 - 00:00

Skiedend boargemaster Wiebo Pitlo fan Gaasterlân-Sleat is freed ûnderskieden mei it Ridderkrús fan fertsjinsten foar Poalen. De Poalske presidint Kwasniewski wol Pitlo op dizze wize betankje foar wat er by syn boargemasterskip dien hat foar de gemeente Krzemieniewo.

Gaasterlân-Sleat wurket al 12 jier op tal fan terreinen gear mei de Poalske gemeente. Pitlo naam nei 19 jier ôfskie as boargemaster fan Gaasterlân-Sleat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)