Aris wint fan Punch Delft

29 nov 2003 - 00:00

Nei in net al te bêste wedstriid wûn basketbalferiening Aris freedtejûn mei 84-73 fan studinteteam Punch út Delft. By rêst wie it 42-44 en gong it gelyk op.

Yn it tredde kwart fan de wedstriid naam Aris lykwols ôfstân troch in bettere ferdigening. Yn it fjirde kwart besocht Punch noch tichterby te kommen, mar troch de goede teamspirit fan Aris slagge dat net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)