Oargel Hegebeintum wer yn gebrûk

© Omrop Fryslân
Mei in konsert fan organist Jan Jongepier is freedtemiddei it tsjerke-oargel fan Hegebeintum wer yn gebrûk nommen. It saneamde Van Dam-oargel út 1862 is dit jier foar 60.000 euro opknapt.
In spesjale stifting hat fiif jier dwaande west it jild foar de yngripende restauraasje by elkoar te krijen. It oargel wie troch grûnfersakking skeef sakke en is no wer rjochtset.