Gjin oerdekte merk Surhústerfean

© Omrop Fryslân
B en W fan Achtkarspelen wol gjin oerdekte merk yn Surhústerfean. It kolleezje is benaud dat der problemen mei it parkearen komme sille.
It plan foar in oerdekte sneonsmerk komt fan in Surhústerfeanster. De merk soe komme moatte yn it âld-fytsefabryk fan Rivel. De man wol dêrfoar tûzen kante meter fan it kompleks hiere. De gemeente fynt it idee om wat mei it leechsteande en fertutearzge gebou te dwaan goed, mar wol wol parkearromte.