Bultsma makket wapen keningsbern

28 nov 2003 - 00:00

It wapen foar it berntsje fan prins Willem-Alexander en Máxima is klear. Dat hat de Hoge Raad van Adel bekend makke. It wapen is makke troch Piet Bultsma fan Kollum. It bestiet út twa flakken mei dêrop de Nederlânske liuw.

Dêrneist steane twa bêzje flakken mei de jachthoarn fan Oranje. Yn it midden stiet it wapenskild fan de famylje Zorrequieta. Bultsma krige ferline wike freed de opdracht. Hy hat earder ek it wapen fan prinsesse Máxima ûntwurpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)