Achtkarspelen hâldt 30 km sônes

28 nov 2003 - 00:00

De maksimumsnelheid fan 30 km yn 'e oere binnen de beboude kom yn Achtkarspelen wurdt net oanpast. It kolleezje fan B en W hat in fersyk dêrta ôfwiisd. Allinnich in part fan de Kuiperswei yn Bûtenpost wurdt wer in 50 km dyk.

Benammen op 'e Harkema en yn Twizelerheide binne de bewenners net bliid mei de snelheidsbeheining. Mar it werombringen fan de snelheid is neffens de gemeente net feilich en te djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)