Reizgers NoordNed freegje ynfo

28 nov 2003 - 00:00

Reizgers fan ferfiersbedriuw NoordNed wolle better ynformearre wurde. Benammen by stremmings en fertragings wolle bus- en treinreizgers gau op 'e hichte brocht wurde oer de lêste stân fan saken lykas oer ferfangend ferfier.

NoordNed organisearre tongersdei in gearkomste foar syn klantepanel. Dêr kaam de somtiden breklike ynformaasje- foarsjennning oan de oarder. De measte reizgers fine ek dat de stasjons en bushokjes faak smoarch binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)