Feanster jeugd ferliest fan Ajax

© Omrop Fryslân
De beloften fan sc Hearrenfean hawwe tongersdei kânsleas ferlern fan de talinten fan Ajax. Hearrenfean wie net op opwoeksen tsjin de Amsterdammers en seach by de rêst al oan tsjin in 0-2 efterstân.
Nei it skoft brocht Ajax de stân noch op 0-3. Troch it ferlies sakket Hearrenfean nei it tredde plak op de ranglist. Hearrenfean helle út tsien wedstriden 19 punten. Hearrenfean spile mei twa spitsen: Rigters en Samaras.