Amelanner kafee Nobel topkroech

28 nov 2003 - 00:00

Kafee Nobel yn it Amelanner Ballum stiet op it twadde plak yn de Café top Honderd. De list is gearstald troch it fakblêd Misset Horeca. Dat hat hûnderten Nederlânske kafees beoardiele op gastfrijheid, sfear en fakmanskip.

De sjuery fynt kafee Nobel in topkroech dêr't gastfrijheid ta keunst ferheven is. Der steane noch 7 Fryske kroegen yn de top hûndert, wêrûnder Pub Paddy O'Ryan (19) yn Ljouwert en De Groene Weide (21) op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)