Gjin skealike stoffen by brân

28 nov 2003 - 00:00

By de brân by ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert binne gjin skealike stoffen frijkaam. Dat hat bliken dien út mjittings fan de brânwacht yn it gebiet tusken tusken de Newtonwei en it sintrum fan de stêd.

De brân by Oldenburger ûntstie freed- temoarn om 4 oere yn in bulte hout. Yn totaal gie 60.000 kuub stookhout ferlern. Der binne 8 brânwachtweinen ynset. By de brân kaam in soad reek frij dy't oer it sintrum luts.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)