GGZ-kliïnten krije kompjûter

27 nov 2003 - 00:00

Kompjûters moatte minsken meie psychyske problemen út har sosjaal isolemint helpe. Dêrom hawwe fyftich kliïnten fan de geastlike sûnenssoarch GGZ freed in eigen pc krigen. It Friesland College yn Ljouwert sil de minsken helpe om it kompjûterwurk yn de macht te krijen.

Takom jier krije nochris hûndert GGZ-kliïnten in kompjûter. De minsken dêr't it om giet, hawwe der faak te min jild foar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)