Bas en Joël wienen yn Kollum

© Omrop Fryslân
Bas en Joël wienen tongersdei yn Fryslân. De twa sjongers, bekend fan Idols, brochten in besite oan it Piter Jelles Kolleezje yn Kollum. Foar idolate fans songen se it duet Burning Heart, in cover fan Survivor.
De famkes songen mei, namen foto's en fregen fansels om in hanteken. It koarte konsert makket diel út fan in promoasjetoernee. Nei in oerke gongen de twa stjerren wer fuort. De fans achterlittend mei oantinkens.