Ein konflikt Easterein yn sicht

27 nov 2003 - 00:00

It konflikt tusken dûmny Zijlstra en de tsjerkeried fan Easterein wurdt mooglik dit jier noch skikt. Dat seit de riedsman fan de dûmny. Beide partijen ha al sûnt 2001 spul. De dûmny moast út de pastorij en soe in nij hûs krije. Dat hûs is noait boud. Ferline jier waard Zijlstra op non-aktyf set.

De skikking is in grutte ferrassing. Koartlyn waard bekend dat de partijen der net út komme soene. In ûnôfhinklike arbitraazjekommisje soe helpe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)