PvdA: jild foar Sportwerk fine

27 nov 2003 - 00:00

Meiwurkers fan de Stichting Sportwerk dy't by Ljouwerter sportklubs wurkje, moatte dat noch in jier dwaan kinne. Neffens de PvdA yn Ljouwert hat de gemeente der genôch jild foar. Yn dat jier moat dúdlik wurde hoe't it dêrnei mei de goed 30 minsken komt.

Sportwerk moat ophâlde om't der fanwegen besunigingen te min jild is om it subsidiearre wurk yn stân te hâlden. De PvdA komt mei har plan as B en W gjin oplossing fynt foar it probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)