Sponsor mear omtinken by keatsen

27 nov 2003 - 00:00

In kommisje moat ûndersykje oft partoeren yn de takomst ûnder de namme fan in bedriuw keatse meie. Dat is besletten nei in petear tusken it haadbestjoer fan it keatsbûn en in tal partoersponsors.

Dy sponsors wolle mear belangstelling ha. No stiet de namme fan de sponsor op de broek fan de keatser. It shirt is bedoeld foar de haadsponsor fan de KNKB. De kommisje bestiet út minsken fan it bûn en partoersponsors.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)