Skoalle Compagnie wreidet út

26 nov 2003 - 00:00

Skoalle De Compagnie op It Hearrenfean wreidet út. Om de 147 learlingen goed praktykûnderwiis te jaan is nijbou nedich. Der wurdt al tsien jier lesjûn yn trije needlokalen.

Foar hast 2,5 miljoen euro komme der no foaral praktyklokalen en wurkplakken by en in saneamd bedriuwsplein. Dan kin De Compagnie ek twa nije fakken jaan: technyk en persoanlike fersoarging. Woansdei sloech wethâlder Bouwers de earste peal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)