94 ûntslaggen Sportwerk Fryslân

© Omrop Fryslân
De 94 wurknimmers fan de stichting Sportwerk Fryslân ferlieze per 1 jannewaris har baan. It giet om saneamde ID-ers, dy't in subsidiearre baan hawwe by 70 sportklubs en wykferienings yn de provinsje.
De stichting moat de minsken dien jaan fanwege besunigings fan it ryk. Dêrtroch ûntstiet in tekoart fan 40.000 euro yn de moanne en dat kin de stichting net opfange. De stichting hâldt aanst op te bestean.