Jong Hearrenfean op tongersdei

© Omrop Fryslân
De wedstriid Jong sc Heerenveen - Jong Ajax, dy't ôfrûne moandei net trochgean koe fanwege de tastân fan it fjild, wurdt no tongersdei spile. De wedstriid begjint om 18.30 oere op Skoatterwâld.
It earste alvetal fan Hearrenfean is dit wykein noch frij. Nije wike woansdei moatte se om 20.00 oere thús oantrede tsjin ADO/Den Haag. Cambuur moat it freed 20.00 oere thús opnimme tsjin de Graafschap. Omrop Fryslân radio docht ferslach.