Spoar by Akkrum wurdt ferlein

26 nov 2003 - 00:00

It spoar by it stasjon fan Akkrum wurdt in lyts stikje ferlein omdat de de grûn net stevich genôch is. Dat probleem kaam oan it ljocht doe't begûn waard mei it ferlingen fan it perron. Dat is nedich omdat mei yngong fan de nije tsjinstregeling, mids desimber, langere treinen stopje kinne moatte.

It wurk oan it perron is no stillein. It spoar moat no earst ferlein wurde, mar dêrfoar moat in sleat ferpleatst wurde. Dat kin wol in healjier duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)