Oerkape perrons aanst smookfrij

© Omrop Fryslân
Fan 1 jannewaris ôf mei dêr net mear smookt wurde op treinstasjons. Alle treinen, tunnels, wachtromten en ek oerkape perrons wurde dan smookfrij. Der komme hieltyd mear bedriuwen en wurkromtes dêr't it smoken fan in sigaret ferbean wurdt.
Smoke is nammentlik net allinnich skealik foar de smoker sels, mar ek foar de meismoker. Dêrom wurket de oerheid deroan om hieltyd mear romten smookfrij te krijen.