Net mear fraude yn Ljouwert

26 nov 2003 - 00:00

By de sosjale tsjinst fan de gemeente Ljouwert binne gjin nije fraudegefallen fûn. Dat docht bliken út in ûndersyk dat holden is om't twa amtners 270.000 euro yn eigen bûs stutsen hiene. Sy binne inkele moannen ferlyn oppakt. Oft it jild werom komt is noch de fraach.

De gemeente sil besykje it jild op de fraudeurs te ferheljen. Om fraude yn de takomst tsjin te gean moat de kontrôle better en moat in tal funksjes skieden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)