Strannen populêr by Dútsers

© Omrop Fryslân
Dútse badgasten komme graach nei Nederlânske strannen. Dy skoare heger as de Belgyske, Eastsee en Deenske. Dy strannen hjitte smoarger en djoerder te wêzen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat 'Toerisme Recreatie Nederland' holden hat yn Dútslân.
Yn Nederlân docht Seelân it tige goed. Better as de Hollânske kust en de Waadeilannen. Neffens Pieter Smit fan de VVV Waadeilannen lûkt Seelân oare gasten en ha se gjin lêst fan elkoar.