Primeur foar iiswegesintrale

© Omrop Fryslân
De iiswegesintrale hat in wrâldprimeur. De sintrale yn Tytsjerksteradiel nimt freed in nije iisfeimasine yn gebrûk. Hy weaget 500 kilo mar troch in goede ferdieling fan de druk fan de tsjillen kin er op tin iis snie feie.
De masine faget by in Alvestêdetocht de rûte tusken Bartlehiem en de Bonkefeart sniefrij, mar kin ek brûkt wurde by oare eveneminten. De masine kostet 25.000 euro.