28.628 Friezen sûnder wurk
It tal wurkleazen yn Fryslân hat yn fjouwer jier net sa heech west as no. Neffens de lêste sifers fan it CWI sitte op it stuit 28.628 minsken wurkleas thús en dat binne der 7.000 mear as yn 2001. Meiinoar sit 10,3 persint fan 'e Fryske beropsbefolking thús.
It CWI hat it smoardrok troch de ekonomyske klappen. It CWI ferwachtet dat de ekonomy de kommende tiid stadichoan wer wat oanlûke sil.