Jong Cambuur ûnderút tsjin Grins

25 nov 2003 - 00:00

Jong Cambuur ferlear moandeitejûn thús mei 1-3 fan FC Grins. De Eastenriker Rolf Landerl koe de skoare foar de Grinzer beloften iepenje troch in fout fan de keeper fan Cambuur. Yn 'e twadde helte kopte Mile Krstev 0-2.

Arnold Herder skoarde foar Cambuur 1-2. Twa minuten foar tiid waard it noch 1-3 troch Arjen Postma. De beloftes fan Cambuur steane no tredde yn har kompetysje mei 16 punten út 9 wedstriden. Heracles giet oan kop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)