Rjochtsaak oer jild Van Krimpen

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum spant in rjochtsaak oan tsjin it UWV. It Utfieringsynstitút Wurknimmersfersekeringen easket dat it museum sosjale preemjes betellet oer it tsjinstferbân fan âld-direkteur Wim van Krimpen. Hy wie twa jier direkteur foar twa dagen yn 'e wike. Dêrneist wurke er foar de Kunsthal yn Rotterdam.
Neffens it museum wie Van Krimpen net fêst yn tsjinst en hoege sosjale preemjes net betelle te wurden. De rjochtsaak is begjin jannewaris.