Noed oer jacht op guozzen

25 nov 2003 - 00:00

De jacht op guozzen en smjunten is wer frijjûn. Provinsjes meie fan 1 desimber ôf ûntheffingen jaan foar it fuortjeien fan guozzen fan boerelân. As dat net helpt, mei in beheind tal ôfsketten wurde.

De Faunabeskerming makket him soargen oer dat nije belied. Neffens har is fuortjeie mei knallen en alarmpistoalen genôch. De feriening wol witte oft de provinsje ûntheffings jaan sil en hoefolle fûgels ôfsketten wurde meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)