Gemeente keapet fabryk St. Nyk

25 nov 2003 - 00:00

Skarsterlân keapet it âld-suvelfabryk yn Sint Nyk fan projektûntwikkelder HBG Vastgoed. De gemeente krijt dêrmei de hannen frij om nei de sloop de grûn nei eigen ynsjoch te brûken.

De gemeente hat in pear jier mei HBG oer de ynfolling fan it terrein praat. Beide partijen koenen it net iens wurde. De gemeente woe der oanleunwenten ha foar fersoargingshûs Doniahiem, wylst HBG der keaphûzen bouwe woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)