Echtpear mei by hûs begroeven

© Omrop Fryslân
In echtpear út Rotsterhaule mei neist har wenning begroeven wurde. B en W fan Skarsterlân wolle it opmerklike fersyk dat it echtpear dien hat honorearje.
It kolleezje leit mei har stânpunt it advys fan de ynspeksje fan folkssûnens neist har del. Neffens de ynspeksje binne der genôch begraafplakken yn de omkriten. It kolleezje hat lykwols 'skoarfoetend' besletten de mooglikheid yn de wet al te brûken. De gemeenterie moat noch tastimming jaan.