Oanpassen farrûte is djoer

24 nov 2003 - 00:00

It befarber meitsjen fan it noardlike part fan de Alvestederûte kostet op syn minst 36 miljoen euro. It befarber meitsjen fan de rute foar plezierboaten is sa djoer omdat it wetterpeil op It Bilt leech leit. Der soene dan twa slûzen komme moatte, by Wier en Alde Leije.

De provinsje wol de rûte wer befarber meitsje, sadat it Van Harinxmakanaal allinne noch foar beropsfeart wêze kin. In alternatyf giet oer Achlum of Arum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)