Regels foar krystfersiering

24 nov 2003 - 00:00

De brânwacht yn Fryslân komt mei strange regels foar it gebrûk fan de krystfersiering yn gebouwen dêr't in soad besikers komme. It giet dêrby ûnder mear om kafees, tsjerken en doarpshuzen.

Ferline jier wie der noch in soad ûndúdlikens oer de brânfeilichheid yn publike gebouwen. De brânwacht wol dat no besykje foar te kommen. Alle gemeenten ha dêrom dúdlike rjochtlinen tastjoerd krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)