Soad plysjes warber yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht alle muoite dwaan moatten om yn Ljouwert in ploech fan 50 jongeren fan 'e dyk te krijen. Der moasten 25 plysjes en trije hûnen ynset wurde om de jongeren op it Ruiterskwartier yn betwang te krijen. Sy woene har bemuoie mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters.
Oanlieding fan it opskuor is de rivaliteit tusken twa groepen jongeren. It trelit begûn doe't in man samar in plysje oanfleane woe.