Aksjes yn soarch

24 nov 2003 - 00:00

Personiel fan de thússoarch en ferpleech- en fersoargingstehuzen ha moandei aksje fierd. Ynset wie in leansferheging fan 2,5%. Dêroer is nei wiken ûnderhanneljen noch gjin akkoart.

Meiwurkers fan Zorgkwadrant Friesland Oost holden in aksjegearkomste by it kantoar yn Ljouwert. It personiel fan ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert fierde op ludike wize aksje troch mei de pyjama oan te wurkjen. Tiisdei 9 desimber is der in lanlike aksjedei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)