Soargen Skier oer feilichheid

24 nov 2003 - 00:00

B en W fan Skiermûntseach makket him soargen oer de feilichheid fan de skipfeart oan de noardkant fan it eilân. Dat skriuwt it kolleezje yn in brief oan de Twadde-Keamerfraksjes fan it CDA, de VVD en de PvdA.

It giet benammen om de plannen fan Rykswettersteat om de fjoertoerwachters dien te jaan. Neffens it kolleezje kin it ferlies fan dat tafersjoch dramatyske gefolgen hawwe. B en W hoopje dat de Keamer tsjin wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)