Samen winne Liet Ynternasjonaal

24 nov 2003 - 00:00

De groep Transjoik út It Samelân, oftewol Laplân, hat snein Liet Ynternasjonaal wûn mei it nûmer Mijjajaa. Liet Ynternasjonaal waard foar de twadde kear holden yn de Harmonie yn Ljouwert.

Tsien Europeeske groepen diene mei. Sy songen allegear yn har eigen regionale minderheidstaal. Twadde waard Epitaff út Wales en tredde Gwenno út Cornwall dy't ek de publykspriis krige. It Fryske Bacon & Bones waard sechsde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)