Ajax te sterk foar Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean is der net yn slagge foar in ferrassing te soargjen yn de útwedstriid tsjin Ajax. It like der al even op want âld-Ajacied Sibon brocht Hearrenfean yn de 18de minút mei in kopbal op foarsprong. Dat barde út in foarset fan ek al âld-Ajacied Knopper.
Oranjeheld Wesley Sneijder soarge yn de 36ste minút foar de lykmakker en oardel minút letter waard it al 2-1 troch Mitea. Ibrahimovic brocht de einstân op 3-1 foar Ajax.