Cambuur ferliest fan Veendam:3-2

23 nov 2003 - 00:00

Cambuur spile sneon yn en tsjin Veendam in poerbêste wedstriid, mar stie nei njoggentich minuten dochs mei lege hannen. Veendam wûn mei 3-2 wylst Cambuur op syn minst in lykspul fertsjinne hie.

Kolder iepene de skoare foar Veendam yn de 23ste minút. Jan Bruin makke yn de 25ste minút al wer gelyk en Cambuur kaam sels foar troch in goal fan Muhamadu nei 34 minuten. Kolder en Hamming soargen foar de 3-2 einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)